Cambuur op skerp foar Emmen

25 feb 2010 - 12:14

Cambuur stiet op skerp foar de wedstriid tsjin Emmen. Nei it ferlies tsjin Excelsior moat wûn wurde fan de Emmenaren. Trainer Stanley Menzo oerwaget om in pear feroarings oan te bringen yn it alvetal. Hokker feroarings dat binne woe hy net sizze.

De seleksje fan Cambuur is sa goed as folslein. Nuelson Wau is wer fit. Hy trainde tongersdei gewoan mei en kin spylje. Allinnich Rudy Jansen en Jos van Nieuwstadt binne noch blessearre. Geoffrey Meije is in twifelgefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)