Cambuur oefenet tsjin Mallorca

13 jun 2013 - 15:56
  • SC Cambuur

Op 23 july spilet SC Cambuur yn 'e tarieding op it nije seizoen in oefenwedstriid tsjin Real Mallorca. It is de lêste serieuze oefenwedstriid foar de Ljouwerters foardat de kompetysje úteinset. It ôfrûne seizoen einige de Spaanske ploech as 18e en degradearre nei de Segunda Division.

De wedstriid tusken SC Cambuur en Real Mallorca wurdt spile yn it eigen Cambuur-stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)