Cambuur-oanwinst Houtkoop start woansdei yn basis

11 aug 2015 - 15:16
  • Cambuur oanwinst Xander Houtkoop fielt him thús yn Ljouwert

SC Cambuur oanwinst Xander Houtkoop start woansdei yn de basis tsjin PEC Zwolle. De oanfaller kaam oer fan ADO Den Haag en ferfangt Furdjel Narsingh. Narsingh begjint op de bank om't hy net fit is. Der is ek in basisplak foar Marlon Pereira. Hy ferfangt Calvin Mac-Intosh, dy't in blessuere oprûn oan syn ankel.

Trainer Henk de Jong hat dus in sa goed as fitte seleksje en wol tsjin PEC Zwolle revâns nimme foar de ferliespartijen fan ferline seizoen. Neffens De Jong hat syn ploech de kwaliteiten om ek dit seizoen yn de earedivyzje te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)