Cambuur noch yn grutte problemen

23 des 2005 - 00:00

De finansjele problemen by Cambuur binne noch folle slimmer as oant no ta oannaam waard. Dat docht bliken út in ûnôfhinklik rapport van bedriuwsadviseurs UNO út Súdlaren.

De skulden fan de klup binne oprûn oant 10,3 miljoen euro, hast in miljoen mear as oant no ta bekend wie. Dochs wol tydlik direkteur Harjan van Dam van Cambuur de handoek net yn de ring goaie. Hy skat de kânsen op rêding foar Cambuur op op syn minst 50 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)