Cambuur noch net út soargen

27 jan 2006 - 00:00

Cambuur hat op koarte termyn 2 ton ekstra nedich as oerbrêgingskredyt. Dat is in gefolch fan it útbliuwen fan in definityf akkoart oer it rêdingsplan dat makke wurdt troch de Friesland Bank, de gemeente Ljouwert, de Accoladegroep en de groep Riedstra.

De ferwachting wie dat dat plan freed nei bûten brocht wurde koe. Ferline wike waard bekend dat alle partijen it iens wiene en dat de rêding tichtbij wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)