Cambuur nimt punt mei út Haarlem

25 feb 2006 - 00:00

In hurd wurkjend Cambuur spile freedtejûn mei 0-0 gelyk yn en tsjin Haarlem. Der hie mooglik noch mear ynsitten as in gelykspul, want Karim en Hooijboer hiene yn 'e twadde helte goeie mooglikheden. Spitigernôch foar Cambuur wie de keeper fan Haarlem freed dreech te passearen.

Yn 'e earste helte wie Haarlem better, mar ek it âlde team fan Cambuur-trener Wesseling skoarde net, want ek Peter van der Vlag stie goed te keepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)