Cambuur net yn berop

31 okt 2013 - 15:59
  • SC Cambuur

Cambuur giet net yn berop tsjin de jildboete fan 2500 euro dy't de klup krige fan 'e KNVB. Op 17 augustus spile Cambuur thús tsjin FC Grins. Supporters fan beide klups misdroegen har by dy wedstriid. Cambuur kin net hûndert prosint bewize dat sy der by dy wedstriid alles oan dien hat om dy misdragings foar te kommen. "We nemen ons verlies," sa sei Cambuur direkteur Gerald van den Belt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)