Cambuur net wis fan Luketa

02 jun 2004 - 00:00

Cambuur wit noch net oft Daniel Luketa in oanwinst foar de klub is. De Sweedse spits hat trije oefenwedstriden tsjin amateurs meidien. Cambuur wol him noch yn aksje sjen by tariedingswedstriden op it nije seizoen. Hy moat dan noch seis wiken meidraaie, mar hat ek noch ferplichtings by syn klub yn Sweden.

Cambuur giet net fierder mei Radoslav Samardzic. Zabih Etamadi krige ek gjin nij kontrakt. Hy giet nei FC Grins en sil dêr in jier spylje by de Beloften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)