Cambuur net mear op Omrop TV?

09 aug 2006 - 09:57

It is noch ûndúdlik oft Omrop Fryslân televyzje it kommend fuotbalseizoen wol bylden fan de wedstriden fan Cambuur Ljouwert útstjoere kin. Der is oant no ta noch gjin oerienstimming tusken de Omrop en Talpa, dat de rjochten hat fan de earste divyzje. Talpa stelt nochal wat easken, lykas reklame-sekonden.

De Omrop fynt dat yn gjin ferhâlding stean. De ûnderhannelingen rinne noch. Freed begjint de earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)