Cambuur net fierder as 1-1

09 jul 2011 - 22:46

SC Cambuur is sneontejûn yn de oefenwedstryd tsjin haadklasser Flevo Boys net fierder kaam as in 1-1 lyk spul. Cambuur wie yn de earste helte de bettere ploech, mar doelpunten smiet dat net op. Oan de oare kant slagge dat wol. Flevo Boys kaam flak foar it skoft op 1-0 troch Jarno van der Wal.

Yn in strieminne twadde helte koenen beide ploegen gjin stimpel op de wedstryd drukke. Ald Flevo Boys spiler Marco van der Heide makke noch wol 1-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)