Cambuur: Neikompetysje tichtby

08 apr 2012 - 12:54
  • SC Cambuur

Cambuur kin him moandei by winst op neiste konkurrint Willem II sa goed as wis pleatse foar de neikompetysje. De Ljouwerters hawwe lykwols noch altyd in protte personiele problemen. Op de lêste training fan snein heakken Martijn van der Laan en Robert van Boxel earder ôf. It is net wis oft sy spylje kinne.

Dêr stiet foaroer dat Wout Droste nei in skorsing werom is en dat ek Mart Dijkstra fit liket te wêzen. Trainer Alfons Arts koe noch gjin opstelling jaan. Dy wurdt moandeitemoarn pas bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)