'Cambuur moat no alles jaan'

15 apr 2005 - 00:00

Cambuur-foarsitter Adema hat tongersdei in berop dien op de spilers om har 100 persint yn te setten yn de lêste fiif kompetysjewedstriden. No't it der op liket dat Cambuur gjin priis pakke sil dit seizoen, moatte de sponsors wol tefreden steld wurde. Adema is benaud dat se oars fuortrinne.

Oer trener Jan Schulting hat Adema neat sein. Schulting ferlit oan 'e ein fan it seizoen Cambuur om't de nije trener Wesseling it net mei him sitten sjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)