Cambuur moat knoop trochhakke

20 jan 2009 - 20:45

Foar de simmer moat der dúdlikheid komme oer de takomst fan it Cambuurstadion. De fuotbalclub hat fan de gemeente Ljouwert in heal jier ekstra betinktiid krigen om in beslút te nimmen oft it stadion ferhúzje moat of net.

Cambuur wol graach in nij stadion, mar tinkt net earder as oer trije jier safier te wêzen. In earder ambitieus plan fan projektûntwikkelder Accolade foar 300 wenningen en in skoalle by it fuotbalstadion, is op neat útrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)