Cambuur moat fjildferwaarming

06 maaie 2013 - 15:12
  • Cambuurfjild

By Cambuur wurdt al drok foarútsjoen op it nije seizoen. Spylje yn de earedivyzje betsjut dat it stadion oan oare easken foldwaan moat. Omdat Cambuur noch net oan in nij stadion ta is, moat it âlde earst opknapt wurde. As earste stap wol Cambuur sa gau mooglik fjildferwaarming oanlizze. Troch fjildferwaarming kinne wedstriden yn it winterseizoen faker trochgean.

Ek it útfak, de tribune foar de supporters fan de besykjende klup, is heechnedich oan in opknapbeurt ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)