Cambuur mist Van Moorsel

13 des 2013 - 16:44
  • Paco van Moorsel
  • Michiel Hemmen

Sportklup Cambuur kin no snein foar de thúswedstriid tsjin Ajax gjin berop dwaan op Paco van Moorsel. De oanfallende middenfjilder rûn twa wike lyn yn de wedstriid tsjin Vitesse in blessuere oan de holle op. Van Moorsel hat dêr noch hieltiid lêst fan. It is fierder ek net wis oft Michiel Hemmen wol meidwaan kin. Sintrumspits Hemmen hat al in wykmannich lêst fan ferskate lytsere blessueres. Fierder is ek Jeremy de Graaf noch net wedstriidfit.

Sportklup Cambuur soe de punten goed brûke kinne yn de striid tsjin degradaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)