Cambuur mist Beekmans en Mboua

07 aug 2008 - 16:43

SC_Cambuur moat it freed yn de earste kompetysjewedstriid tsjin Veendam dwaan sûnder Paul_Beekmans en Marc_Mboua. Beekmans hat noch in skorsing stean fan trije wedstriden, dy´t er oprûn by syn âlde klub Den_Bosch. Mboua docht mei Kameroen mei oan de Olympyske Spelen.

Fierder beskikt trainer Jurrie_Koolhof oer in fitte seleksje. Allinnich spits Ruud_ter_Heide trainde tongersdei apart fan de groep. Hy hat in lichte knibbelblessuere mar kin wol spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)