Cambuur makket yndruk

23 jul 2014 - 20:59
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat woansdeitejûn yndruk makke yn in oefenwedstriid tsjin Almere City FC yn Wolfheze. De Ljouwerters ha de wedstriid wûn mei 4-1. Cambuur kaam al nei twa minuten foar, troch in goal fan Ogbeche. Nei acht minuten wie it 2-0 troch in eigen goal fan Receveur. Hy woe de bal werom spylje op de keeper, mar syn bal stuite oer de keeper hinne. Yn de 16e minút wie it al 3-0 troch in goal fan Mart Dijkstra. Jansen makke noch 3-1 foar Almere, mar Sander van de Streek bepaalde de einstân op 4-1.

Foar de wedstriid wie der in minút stilte yn ferbân mei de dei fan nasjonale rou. Beide ploegen hiene roubânnen om en de falgge hong heal stok op it sportpark yn Wolfheze. Neffens Henk de Jong ha se middeis mei de hiele seleksje de bylden op tillevyzje folge en mei de hiele ploech ek stil stien by de ramp yn Oekraïne. Neffens de Cambuurtrainer krige hy middeis in berjocht oer in Cambuursupporter dy't omkaam is by de ramp. Dêrom fûn De Jong it goed om wol te fuotbaljen: "We binne der mei respekt mei omgong en sport kin ek in bydrage leverje oan it ferwurkjen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)