Cambuur makket lytse winst

10 jan 2003 - 00:00

SC Cambuur hat 2002 ôfsletten mei in 'lytse winst'. Dat hat foarsitter Adema tongersdei bekendmakke op de nijjiersresepsje. Trije jier ferlyn wie de klub noch op stjerren nei dea. Troch ferskate besunigingsmaatregels en it ynsetten fan frijwilligers giet it in stik better, sa sei Adema.

Yn it betelle fuotbal binne mar in lytse 10 klubs dy't yn 2002 droech oer de sleat kommen binne. SC Cambuur is dêr dus ien fan en dat is bysûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)