Cambuur lyk tsjin Ergotelis

27 jul 2010 - 21:27

Sportklup Cambuur hat yn de oefenwedstriid tsjin it Grykske Ergotelis tiisdeitejûn mei 1-1 lykspile. Ergotelis spilet op it heechste nivo yn Grikelân. Troch in eigen goal fan Dennis van der Ree kaam Cambuur al betiid op achterstân.

Dêrnei wiksele de ploech goeie mominten ôf mei mindere. Yn de 75e minút makke Reza Ghoochannejhad nei in moaie aksje de 1-1. De wedstriid makket diel út fan in trainingskamp fan de Ljouwerters yn Garderen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)