Cambuur lûkt reklamespot werom

26 okt 2004 - 00:00

Fuotbalklub Cambuur hat besletten om de reklamespot mei trener Dick de Boer yn de haadrol fan 'e radio en televyzje te heljen. De tekst 'Boaiemprizen by Super Dick de Boer, twa helje, ien betelje, gjin fratsen, dat skeelt' is neffens Cambuur-direkteur Merkus op dit stuit net sa gepast. Mei it spotsje waard besocht om mear minsken nei de kommende thúswedstriden te heljen.

Cambuur woe by de earste seis einigje, mar stiet no op it ien-nei-lêste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)