Cambuur lûkt Kameroenees oan

14 jun 2007 - 12:13

Cambuur hat de 20-jierrige Kameroeneeske fuotballer Marc Mboua oanlutsen. Mboua is in fleugeloanfaller dy't al ferskate kearen foar de Kameroeneeske Olympyske ploech spile hat. Ferline seizoen kaam hy út foar de Franske club SC Feignies.

Mboua tekenet yn Ljouwert in kontrakt foar twa jier mei in opsje op in tredde. Neffens Cambuur wurdt Mboua yn eigen lân as in grut talint beskôge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)