Cambuur lûkt Jayson Trommel oan

15 aug 2006 - 12:12

Technyk manager Peter de Roo fan Cambuur is it moandei iens wurden mei de âld-Spartaan Jayson Trommel(23). De ferdigenier sil it kommende seizoen op amateurbasis foar Cambuur Ljouwert útkomme. Trommel spile it ôfrûne seizoen foar de Belgyske klub KVSK United, dêrfoar spile er by Sparta.

Neffens De Roo is it oanlûken fan Trommel in bûtenkânske foar Cambuur. Cambuur wie noch op syk nei in fersterking fan 'e definsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)