Cambuur lit punten lizze

08 feb 2008 - 23:09

Cambuur ferlear freedtejûn yn it eigen stadion mei 2-1 fan TOP Oss. René van der Weij sette de Ljouwerters nei in kertier op foarsprong. Dat barde nei in geweldige flater fan TOP-spiler Dirk Schoofs.

In kertier letter die Cambuur itselde: keeper Peter van der Vlag gong ûnder de bal troch en Erik Quekel makke de lykmakker. Deselde spiler soarge sân minuten foar de ein ek foar it winnende doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)