Cambuur krikt besikerstal op

12 jan 2010 - 14:49

It tal taskôgers yn de Jupiler League is dit seizoen aardich omheech gien. Sûnt de jierren 70 is der net safolle publyk op ôfkaam. De groei fan it tal besikers fan fuotbalwedstriden is foaral ek ta te skriuwen oan de goeie prestaasjes fan Cambuur.

De Ljouwerter klup lûkt mei De Graafschap it grutste tal besikers yn de Jupiler League. It trochsneed tal besikers yn de Jupiler League is 3600, by Cambuur sitte der mei 8800 mear as twa kear safolle op de tribune.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)