Cambuur krijt wer echt gers

11 mrt 2008 - 15:08
  • It keunstgers giet derút

SC Cambuur krijt dizze simmer sa goed as wis wer in echte gersmatte. De club spilet al seis jier op keunstgers. Mar dat befalt net. It fjild waard ôfrûne simmer sels ôfkard troch de KNVB. In opknapbeurt troch de leveransier hat wol wat holpen mar net genôch.

Neffens Cambuur direkteur Pama is de kar foar echt gers logysk. De club wol graach in nij stadion bouwe. En dan leit de oanlis fan in nij keunstgersfjild no net foar de hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)