Cambuur krijt klop fan Sofia

18 jul 2008 - 21:22

Sportklub Cambuur hat de twadde serieuze oefenwedstriid fan de tarieding mei 4-1 ferlern fan CSKA Sofia út Bulgarije. By it skoft wie de stân noch 0-0, mar yn de twadde helte rûnen de Bulgaren út nei 4-0. Cambuur joech de goals te simpel wei.

Jurrick Juliana soarge noch wol foar in earetreffer. Hy skoarde nei in moaie stekpass fan Paul Beekmans. De wedstriid tsjin Sofia wie de ôfsluting fan in wike treningskamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)