Cambuur krijt keunstgersfjild

29 apr 2003 - 00:00

Cambuur sil takom seizoen op keunstgers fuotbalje. Dêrmei binne de Ljouwerters de twadde Nederlânske klub nei Heracles dy't dat dogge. De earste divyzjeklub hat in sponsorkontrakt sluten mei Edel Grass. Cambuur-direkteur Merkus wol dit net befestigje.

Edel Grass lei earder treningsfjilden oan by AZ, Twente en Ajax. Cambuur waard earder neamd foar in proef fan de UEFA mei keunstgers. Doe krige Heracles út Almelo de primeur foar sa'n fjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)