Cambuur krekt net fallyt

01 des 2005 - 00:00

Fuotbalclub Cambuur is foarearst rêden. In groep jildsjitters hat in bedrach fan 350.000 euro nei de klub oermakke. Yn de groep sitte projektûntwikkelder Riedstra, advokaat Sleijfer en makelder/fêstguodbehearder Hoekstra.

Mei it jild kin yn alle gefallen de leanen fan novimber en desimber betelle wurde. It giet dan om de leanen fan de spilers, de technyske stêf en oar persoaniel. Hie it net bard, dan wie Cambuur fallyt ferklearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)