Cambuur komt wer net ta winst

23 nov 2007 - 22:11

It is Cambuur freedtejûn op 'e nij net slagge om in oerwinning te beheljen. Emmen wie mei 2-0 te sterk. It is wie al de achtste wedstriid op rige dat Cambuur net ta in oerwinning kaam.

De goals fan Emmen kamen op namme fan Robbie Haemhouts en Sergio van Dijk. Cambuur stiet no mei 4 oare ploegen op it 18e plak yn de Jupiler League mei 16 punten. Allinnich Omniworld (14) hat minder punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)