Cambuur kin Schepers net hiere

22 jan 2013 - 10:30

Bob Schepers komt foarearst net op hierbasis werom by Sportklup Cambuur. Direkteur Gerald van den Belt fan de Ljouwerters hat kontakt hân mei FC Utrecht, mar dy wolle Schepers by de eigen seleksje hâlde. Schepers makke ôfrûne simmer de oerstap fan Cambuur nei Utrecht. De fleugeloanfaller spile dêrfoar fjouwer seizoenen foar de Ljouwerters.

Cambuur is noch op syk nei in rappe oanfaller om't it kontrakt fan Vincent Weijl begjin jannewaris ûntbûn is. 'Het is lastig, want het mag niks kosten', seit Van den Belt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)