Cambuur kin it wol ferjitte

23 mrt 2004 - 00:00

Cambuur hat moandei mei 3-2 ferlern fan AGOVV. De hope dat de Ljouwerters noch wat klearspylje soenen yn de fjirde perioade is nei de nederlaach yn Apeldoorn oer. Dominique van Dijk makke yn de 59e minút de gelykmakker, Stefhan van Hoving die dat yn de 80e minút. Yn de lêste minút skoarde AGOVV noch ris.

Alhoewol't Cambuur noch acht wedstriden spylje moat, kin de klub dit seizoen net folle mear dwaan as sjen nei takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)