'Cambuur kin ferrassing wurde'

24 jun 2011 - 13:26
  • Melvin de Leeuw
  • Mart Dijkstra

Sportklup Cambuur is freed begûn mei de tarieding op it nije seizoen. De seleksje is op in protte plakken wizige. Acht spilers lykas betûfte spilers as Meul, Guijt en Beekmans giene fuort en dêr binne tolve spilers foar weromkaam.

Mei in protte jonge spilers, ek út de eigen jeugd, wol Cambuur opnij in goai dwaan nei de play-offs. 'Mei dizze seleksje moat dat slagje. Cambuur kin wolris ferrassend út de hoeke komme', sa seit trainer Henk de Jong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)