Cambuur jout winst út hannen

20 nov 2004 - 00:00

Cambuur hat freed mei 2-2 yn Ljouwert gelyk spile tsjin Helmond Sport. De Ljouwerters koene lykwols net tefreden wêze mei ien puntsje. By de rêst stie Cambuur noch komfortabel op in 2-0 foarsprong.

Brekpunt yn de wedstriid wie in strafskop foar Helmond Sport nei in handsbal fan Dominique van Dijk. By de 2-2 gie keeper Peter van der Vlag net alhiel frij-út. De Cambuur-goals kamen fan Jamal Akachar en Chima Onyeike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)