Cambuur jout Koolhof dien

14 sep 2008 - 09:30
  • Jurrie Koolhof: non-aktyf
  • Sleijfer fan de ried fan kommissarissen

Sportklub Cambuur hat trainer Jurrie Koolhof mei direkte yngong op non-aktyf steld. It minne spul fan de lêste wedstriden, en ek it ôfrûne jier, is foar de direksje en ried fan kommisarissen dêr de oanlieding foar.

Ferline jier einige Cambuur op in teloarstellend 17e plak. Dit jier waarden grutte spilers nei Ljouwert helle en begûnen de Ljouwerters goed oan de kompetysje. Mar de gemy tusken de spilers en trainer Jurrie Koolhof rekke dêrnei dochs wer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)