Cambuur jaget op Volendam

25 apr 2013 - 13:09
  • SC Cambuur

Cambuur set de jacht op koprinner Volendam troch. De Ljouwerters spylje freed de foarlêste wedstriid fan it seizoen thús tsjin Emmen. Volendam hat twa punten mear. Sy spylje freed thús tsjin MVV. Cambuur moat it freed dwaan sûnder Mohammed El Makrini. Hy is skorst. Yuri Rose spilet ek net. Hy is blessearre.

Tim Bakens en Adnane Tighadouini binne werom nei in skorsing. De spitsen Michiel Hemmen en Martijn Barto stean beide yn de basis. Cambuur hopet op in útferkocht hûs. Tongersdei wienen der al mear as 8000 kaarten ferkocht.

Opstelling Cambuur: Nienhuis; Droste, Bakens, Van der Laan, Bijker; Dijkstra, Bakker, Barto; Tighadouini, Hemmen, Schokker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)