Cambuur hiert Fabian de Freitas

15 sep 2000 - 00:00

Cambuur hat der -tydlik- in spiler by. De Ljouwerter klub hiert Fabian de Freitas (28) fan it Ingelske West Bromwich Albion, dêr't er oerstallich is.

De Freitas spile earder foar Volendam, dêr't er 40 kear skoarde. Dernei spile de linkerspits yn Ingelân by de Bolton Wanderers en yn Spanje by Osasuna. De Freitas bliuwt, sa't it no stiet, de rest fan it seizoen by Cambuur Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)