'Cambuur-hert moat liuw wurde'

04 apr 2003 - 00:00

It hertsje hat syn langste tiid hân as symboal fan Cambuur as it oan de sakeklub leit. Foarsitter Lute Spandaw wol it 'bange hertsje' ferfange troch in 'krêftige liuw', want dêr hawwe tsjinstanners mear respekt foar.

It is noch mar de fraach of Spandaw syn foarstel it hellet. It Cambuur-logo is nammentlik ôflaat fan it famyljewapen fan 'e famylje Van Camminga en giet werom oant de 13de ieu. Der binne net folle fuotbalklups mei sa'n âld logo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)