Cambuur - Helmond Sport: 2 - 1

07 feb 2004 - 00:00

Cambuur wûn freedtejûn thús ferrassend mei 2-1 fan koprinner Helmond Sport troch twa goals fan spits Jan Bruin. De Brabanners kamen noch wol op foarsprong fia Kristof Aelbrecht, mar dêrnei knokten de Ljouwerters harren werom yn 'e wedstriid. Ut eins mar twa goeie kânsen skoarde Bruin ek twa kear: 2-1.

Yn 'e twadde helte waard Henk van Steeg mei twa giele kaarten fan it fjild stjoerd, mar ek mei tsien man bleaunen de Ljouwerters oerein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)