SC Cambuur hat tiisdei in kontrakt tekene mei middenfjilder Jasar Takak. Hy is al beskikber en spilet ek fuort mei de groep mei. De Bossenaar (29) hat in kontrakt foar in healjier. Takak begûn by PSV en spile dêrnei by FC Zwolle, RKC Waalwijk, NEC, Vitesse en VVV Venlo. Hy trainde de ôfrûne tiid mei NAC mei. Jasar Takak spile yn syn karriêre oant no ta 107 wedstriden en skoarde dêryn 15 kear. Mei de komst fan Takak hopet Cambuur yn de twadde seizoenshelte op jacht te gean nei de play-offs yn de Jupiler League.
|
Rianne Hofman (17) fermist
22 feb 2012 - 19:33 |
|
Nijbou Thialf net by Sportstêd
22 feb 2012 - 18:30 |
|
Kooistra jout FNV-leden dien
22 feb 2012 - 15:05 |
|
Ofskiedtsjinst Gerrit Ybema
22 feb 2012 - 15:40 |
|
Besunigings by SC Hearrenfean
22 feb 2012 - 12:32 |