Cambuur hat shirtsponsor

19 sep 2000 - 00:00

Cambuur hat in shirtsponsor. It nije ICT-sintrum dat yn de haadstêd komt, sil de Ljouwerter fuotbalklub in jier lang stypje. Boubedriuw Westerbaan bout it sintrum op it terrein achter it FEC.

It shirt wurdt tongersdei presintearre. Watfoar namme derop komt, is noch net dúdlik. Mocht Cambuur in nije haadsponsor fine, dan komt de namme fan de sponsor op de achterkant te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)