Cambuur hat hast folslein fitte seleksje

19 feb 2016 - 13:09
  • SC Cambuur

Cambuur hat foar de útwedstriid sneon tsjin FC Twente de beskikking oer in hast folslein fitte seleksje. Erik Bakker en Marlon Pereira binne der noch altyd net by, mar de rest fan de spilers is fit en kin spylje. Calvin Mac-Intosch traint ek wer mei de groep mei, mar hy is noch net wedstriidfit.

Martijn Barto rekke ferline wike blessearre oan de holle. Under it linker each sitte noch fiif hechtingen, mar de spits kin wol spylje. Nije trainer Marcel Keizer trainde dizze wike twa kear besletten. Hy woe noch gjin opstelling priisjaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)