Cambuur hâldt selde sponsors

09 jun 2004 - 00:00

Cambuur hat it kontrakt mei haadsponsor EdelGras mei in jier ferlingd. De produsint fan keunstgers komt wer op it shirt. Ek de twadde sponsor, Time Out, hat noch in trochrinnend kontrakt.

Edelgras besiket fia Cambuur yn keunstgersmatten te ferkeapjen. De ferwachting is dat de keunstgersmatte hieltyd mear brûkt wurdt no't ek de Fifa en de Uefa tastimming jûn ha foar it spyljen fan kompetysjewedstriden op dizze ûndergrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)