Cambuur is gjin jild misrûn

13 okt 2006 - 12:06

Cambuur hat net in protte jild lizze litten by de transfer fan Jaap Stam. De KNVB hat de Ljouwerters ferkeard ynljochte oer de regeling fan 'e FIFA. Foar fuotballers dy't oan har 23e by in club west hawwe, krijt de club in persintaazje fan de transfersom.

Dy regeling jildt fan septimber 2001 ôf en net, lykas de FIFA sei, sûnt jannewaris 2001. Stam gie yn augustus 2001 nei AC Milan. De regeling jildt ek net foar in bûtenlânske transfer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)