Cambuur giet mei 3-2 ûnderút by FC Grins

12 apr 2015 - 16:23

Sneu ferlies foar Cambuur, dat snein mei 3-2 ferlear fan FC Grins. Yn de Euroborg kamen de Ljouwerters al yn de earste minút op efterstân. Mei in knap skot yn de krusing sette Chery de 1-0 op it boerd. Fiif minuten letter soarge Rosheuvel foar de lykmakker. Troch in eigen treffer fan Botteghin kaam Cambuur foar rêst op foarsprong.

Nei rêst soarge middenfjilder Tibbling yn de 56e minút op 'e nij foar it lykwicht. Yn de slotfaze profitearre Van der Velden optimaal fan in flater fan El Makrini en tekene yn de 83e minút foar de winnende treffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)