Cambuur gelyk tsjin MVV

04 sep 2004 - 00:00

Cambuur spile freed mei 1-1 gelyk tsjin MVV. De Ljouwerters kamen al yn de sande minút op in achterstân troch Siahaija. De ploech fan Dick de Boer boude dêrnei in oerwicht op it fjild op, mar dat smiet gjin kânsen op.

MVV-spiler Miceli krige yn de 51ste minút in reade kaart. Dochs koe Cambuur yn de hiele twadde helte ek net ta echte kânsen komme. Pas yn de 90ste minút makke Jan Bruin mei in soad gelok in fertsjinne 'frommelgoal'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)