Cambuur gelyk tsjin Alemannia

28 jul 2004 - 00:00

Cambuur bliuwt sûnder ferlies yn de oefenkampanje. Tiisdei spilen de Ljouwerters mei 1-1 gelyk tsjin de Dútse bekerfinalist Alemannia Aachen. Yn de earste helte wiene der net folle kânsen. Alemannia hold it fjild lyts. De Dútsers kamen op foarsprong troch in kopbal fan Moses Sichone.

Yn de twadde helte makke de Sweedske proefspiler Daniël Luketa mei in moaie kopbal út in foarset fan Jamal Akachar 1-1. Trainer De Boer wie tefreden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)