Cambuur: freed net fuotbalje

13 jan 2010 - 14:44

Sc Cambuur docht foarearst neat om it fjild yn it stadion spylklear te meitsjen foar de wedstriid fan freed tsjin Fortuna Sittard. It fjild leit fol snie en yn 'e ôfrûne wiken is neat dien om dy snie fuort te krijen.

Cambuur hat de KNVB frege om de wedstriid ôf te blazen. Neffens de klub is it net ferantwurde om freed te spyljen. De KNVB nimt dêr tongersdei in beslút oer. As dan bepaald wurdt dat de wedstryd troch gean moat, dan besjocht Cambuur hoe't se dat regelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)