Cambuur - Foarút: 16-0

23 maaie 2007 - 21:07

Cambuur Ljouwert hat woansdei mei 16-0 wûn fan Foarút fan Menaam. Op rekreaasjesintrum Schatzenburg by Menaam waard in oefenwedstriid hâlden. Dêrmei waard it seizoen fan Cambuur offisjeel ôfsletten.

Topscorer wie Jeroen Ketting mei 5 doelpunten. John Stegeman makke der fjouwer. Chris de Wagt en Ferdinand Katipana makken der elk twa. Gastspiler Tonnie Cusell makke der ien. It wie syn twadde oefenwedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)