Cambuur foarearst rêden

15 des 2010 - 23:15

Cambuur is foarearst út 'e brân. In mearderheid fan de Ljouwerter ried stimde woansdeitejûn yn mei it rêdingsplan foar de klup. De gemeente stiet boarch foar 750.000 euro. Dat jildt foar 7,5 jier, it foarstel fan b. en w. wie fiif jier.

Sponsor Ype Smid, goed foar 500.000 euro, is frege om dat bedrach te ferheegjen nei 750.000 euro. Smid hat goeie hoop dat de noch ûntbrekkende 250.000 euro troch ûndernimmers op it kleed lein wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)