Cambuur fit foar Feyenoord

04 mrt 2016 - 15:22
  • SC Cambuur

Cambuur trainer Marcel Keizer kin snein oer in hast folslein fitte seleksje beskikke. Allinnich Pereira en Masek binne noch blessearre. Monteiro is wer werom by de seleksje, nei syn skorsing fan ferline wike. Keizer woe neat sizze oer de opstelling, mar seit neat te hawwen mei "never change a winning team". It is lykwols net út te sluten dat de trainer dochs begjint mei deselde alve as ferline wike yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Lykas Cambuur siet ek Feyenoord yn in minne faze, mar beide klups wisten de lêste kompetysjewedstriid te winnen.

Cambuur wie te sterk foar PEC Zwolle; Feyenoord wûn de lestige útwedstriid tsjin FC Utrecht. De Rotterdammers pleatsten har tongersdei ek noch foar de bekerfinale nei in oerwinning op AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)